Mantgum krijt dochs GSM-mêst

De protesten út Mantgum wei tsjin de komst fan in GSM-mêst dêr't letter nei alle gedachten ek noch in UMTS stjoerder yn komt, ha neat úthelle. De Vodafone mêst komt op it terrein fan de brânwachtkazerne yn it doarp fan de gemeente Littenseradiel.
In grut part fan de ynwenners hat dêr protest tsjin oantekene by de gemeente, mar dy kin it net tsjinhâlde omdat dêrfoar de juridyske middels sa goed as ûntbrekke.