Snits te sterk foar De Jouwer

19 nov 2006 - 16:04

De Fryske twastriid yn de sneinshaadklasse fan it amateurfuotbal tusken De Jouwer en Snits is snein mei 3-1 wûn troch Snits. De Jouwer wie net minder, mar de Snitsers sprongen better mei de kânsen om.

Dennis Schat skoarde twa kear foar de Snitsers. Theo Ydema tekene foar de iepeningstreffer. Johnny Dölle skoarde foar De Jouwer. Snits hâldt troch de oerwinning oansluting by de top.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)