Mishanneling yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje fan Snits hat sneintemoarn in 25-jierrige man en in 24-jierrige frou út Snits oanhâlden. Se wurde derfan fertocht in ynwenner fan De Jouwer (18) en 2 ynwensters fan Snits (19 en 17 jier) mishannele te hawwen.
It trijetal rûn op de Singel doe't se opside springe moasten foar in auto dy't mei hege snelheid oanriden kaam. Ien fan har rekke de auto noch licht, wêrnei't dizze stilhold. De fertochten stapten út de auto en sloegen de trije.