Fjochterij by yntocht Sinteklaas

© Omrop Fryslân
Der hat sneontemiddei in fjochtpartij west by de yntocht fan Sinteklaas oan de Kolk yn Surhústerfean. De strjitte stie op dat stuit fol mei minsken. In 40-jierrige ynwenner fan Surhústerfean woe foarkomme dat in plysjeman en in tafersjochhâlder tuskenbeide kamen by de fjochtpartij.
De fertochte joech de plysjeman in hurde triuw, dy't dêrtroch foel. De man waard ferfolgens oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.