Utwreiding útstjoergebiet GPTV

De Harnzer televyzjestjoerder GPTV is sneon út ein set mei útstjoerings yn in folle grutter gebiet. Oant dit wykein ta wiene de útstjoerings yn trije gemeenten te ûntfangen: yn Harns, Menameradiel en Frjentsjerteradiel.
Dêr is ûnder mear de Súdwesthoeke fan Fryslân by kaam en dy groei set noch fierder troch. It lokale tv-stasjon fan Gerstel hat de kabelkrante Nieuws TV oernaam fan Boom útjouwers.