Wouda-gemaal iepen foar publyk

19 nov 2006 - 13:04

Wetterskip Fryslân set woansdei en tongersdei de doarren fan it Wouda- gemaal by Teakesyl iepen foar publyk. Frijwilligers fan de stifting Wouda- gemaal sille de besikers tusken 11.00 en 16.00 oere begeliede.

It âldste stoomgemaal fan de wrâld wurdt fan moandei ôf ûnder stoom brocht en yn wurking steld om personiel op te lieden en it gemaal te ûnderhâlden. It wetterskip jout de oplieding yn it Wouda-gemaal sels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)