Wedstriid ONS Snits stillein

© Omrop Fryslân
De wedstryd tusken ONS Snits en Berkum yn 'e haadklasse is yn 'e 74e minút stillein. Dit nei oanlieding fan in spierblessuere fan de skiedsrjochter. De stân wie op dat stuit 0-1 foar ONS troch in goal fan De Wagt.
Harkemase Boys ferlear thús mei 3-1 fan Be Quick '28. Valery Sedoc skoarde yn 'e earste helte 1-0. Foar rêst waard it lyk. Yn 'e twadde helte krige Marc Hegeman in reade kaart, wêrnei de Zwollenaren der 3-1 fan makken.