Sven Kramer sânde op 1500 meter

18 nov 2006 - 15:58

Sven Kramer fan Aldskoat is sneon by de WB wedstriden yn Berlyn sânde wurden op de 1500 meter. Syn tiid wie 1.47,01. Enrico Fabris waard earste op dizze ôfstân. Hy die dat yn 1.45,54, in baanrekord. Erben Wennemars waard twad yn 1.45,64.

It brûns gong nei de Amearikaan Shani Davis. Simon Kuipers fan It Hearrenfean prestearre teloarstellend. Hy waard 18e op dizze ôfstân. Hy is krekt wersteld fan in rêchblessuere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)