Frachtweinkontrôle op N31 en A7

© Omrop Fryslân
By in grutte kontrôle freed op de N31 by Nijegea en op de A7 by Terwispel, ha tsien bestjoerders in boete krigen. De plysje sette mei elkoar 65 frachtauto's oan de kant.
De tsien bestjoerders dy't bekeurd waarden, hiene ûnder oare in te swiere frachtauto, gjin sjauffeurs-diploma en gjin eurofinjet. De kontrôle waard holden troch plysje, dûane en de ynspeksje fan ferkear en wettersteat.