Goedemoed Frysk dam-kampioen
Tjalling Goedemoed fan Ljouwert is Frysk dam-kampioen wurden. Hy wûn yn in needsaaklike barraazje fan syn learling Klaas-Hendrik Leijenaar. Yn dy barraazje einige de earste wedstriid yn remize.
De twadde wedstriid waard wûn troch Goedemoed neidat Leijenaar yn tiidneed kaam. It is foar de 35-jierrige Goedemoed de tredde kear dat er Frysk kampioen wurdt.