Friesland Bank slút 7 kantoaren

De Friesland Bank slút yn de rin fan takom jier de kantoaren yn Berltsum, Balk, Wytmarsum, Hurdegaryp, Ljouwert Bilgaard, Damwâld en Grootegast yn Grinslân. Dat hat de bank sneontemoarn bekend makke. Alle belutsen klanten ha hjiroer in brief krigen.
Yn septimber waard al bekend dat de sluting fan 10 kantoaren ûndersocht waard. Dat binne der úteinlik sân wurden. Administratyf wurk wurdt aanst mear dien op de grutte regiokantoaren.