Undersyk strieling stjoermêst

18 nov 2006 - 12:20

Pas oer 10 jier wurdt echt bekend oft de strieling fan de mêst by Spannenburch kankerferwekkend is. Dat seit foarsitter Peter v.d. Starre fan Pleatslik Belang Tjerkgaast. Hy reagearret op it ûndersyk fan de GGD ûnder de ynwenners fan Tsjerkgaast, Jiskenhuzen, Dunegea en Sint Nyk.

It ûndersyk rûn fan 1999 oant en mei 2003. Dêrút docht bliken dat der net mear gefallen fan kanker binne yn dy doarpen as yn oare parten fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)