Oerlêst troch brân Dokkum

17 nov 2006 - 17:52

Freed hat der in koarte fûle brân west yn de suveringsynstallaasje yn Dokkum. De ynstallaasje wurket net mear en in tredde fan de rioelen yn de omjouwing is ôfkeppele. It smoarge wetter wurdt no yn de rioelen sels opslaan, mar dat kin net te lang duorje, want dan komt it smoarge wetter fia de oerstoarten nei bûten ta.

Der is de hiele middei mei man en macht wurke om dat foar te kommen en it liket der op dat dat slagje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)