Keatsbûn ûntslacht einredakteur

© Omrop Fryslân
De redaksje fan keatsblêd Wis-In en de webside fan it keatsbûn KNKB stapt op. It haadbestjoer hat freed oan de haadredakteur fan Wis-In en de webside Jan Braaksma bekend makke dat hy per 1 jannewaris út syn funksjes set is. Dat hâldt yn dat de Wis-In en de ynternetside miskien ferdwine of op in oare wize fierder gean.
Braaksma hat al dúdlik makke dat hy in nije webside begjint ûnder de namme kaatsen.nl.