Fernielings by Lemster bijeklup
Fandalen ha woansdeitenacht foar in pear tûzen euro skea feroarsake by bijeklup De Lemmer en omstreken. Yn it klupgebou oan it Lemsterpaad op De Lemmer binne ruten ynslein, ferskate ynstruminten fernield en stuollen stikken skopt.
De romte mei dêryn de bijen waard net fernield. It is al de fjirde kear dat it klupgebou fernield is. De plysje siket de saak út.