Medisinepinautomaat op plattelân

© Omrop Fryslân
Yn lytse doarpen sûnder dokter en apoteek kin fan takom jier ôf ek nachts medisinen ôfhelle wurde. Dat kin dan mei in medisinepinautomaat. In earste test begjint ynkoarten by in gewoane apoteek. At dat goed ferrint stiet der dizze maaitiid al in automaat yn Aldebiltsyl en ien op in waadeilân.
De automaat wurdt fan ôfstân betsjinne troch in apoteker.