Ljouwert ferkeapet oandiel WTC

De gemeente Ljouwert ferkeapet syn oandiel yn it WTC/Expo oan direkteur Andries de Jong. De Jong wol graach sels de hannen frij ha mei syn beurzekompleks. De gemeente is akkoart gien op betingst dat de opbringst fan de ferkeap fan de Prins Bernhardhoeve, sa'n 12 miljoen euro, hielendal ynvestearre wurdt yn it WTC/Expo. De Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren wie it twadde beurzekompleks fan De Jong.