Jeugdopliedingssintrum Cambuur

16 nov 2006 - 12:28

Cambuur wol in jeugdopliedingssintrum opsette op de âlde fjilden fan Blau Wyt op 'e Greuns yn Ljouwert. Dy fjilden wurde net mear brûkt sûnt Blau Wyt ferhuze is nei de râne fan 'e stêd.

De jeugdoplieding fan Cambuur fynt no plak by it stadion op de fjilden fan VV Ljouwert. Mar dêr is net genôch rûmte beskikber. Cambuur-direkteur Alex Pama wol net earder as takom wike útlis oer de plannen jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)