Hansson fuort by Hearrenfean

Ferdigener Petter Hansson giet oan de ein fan dit seizoen definityf fuort by SC Hearrenfean. It wie al in skoftke dúdlik dat Hansson fuort woe, mar Hearrenfean hat noch besocht him op oare gedachten te bringen. Sa't it no stiet makket de Sweed it seizoen noch wol ôf by Hearrenfean.
De 29-jierrige Hansson kaam yn 2002 oer fan Halmstads BK. Ofrune simmer hie Panathinaikos al ynteresse foar de ferdigener mar dat rûn op neat út.