Premjêre 'Sportman' yn Husum (D)

De Fryske film 'Sportman fan de Ieu' belibbet tongersdei de ynternasjonale premjêre. De film wurdt fertoand op in Filmfestival yn de Noard-Fryske stêd Husum. Dêr is dizze dagen foar it earst in festival foar films fan Europeeske Minderheidstalen.
Der binne seis films te sjen dy't allegear kâns meitsje op in in priis. Sneontejûn wurd bekend oft de 'Sportman fan de Ieu' yn de prizen fallen is.