Sirkusskoalle hat jild te koart

© Omrop Fryslân
Learlingen fan Sirkusskoalle De Hoogte biede op 22 novimber yn it gemeentekantoar fan Ljouwert in petysje oan oan wethâlder Bleize. De skoalle hat in tekoart fan 34.000 euro. As de gemeente net mei jild op it kleed komt, moat de sirkusskoalle takom jier ticht.
De skoalle telt op dit stuit tachtich learlingen. De direksje ropt alle sympatisanten fan de skoalle op om te mailen nei riedsleden en de wethâlder.