Skoalle Suderbuorren by UMTS

© Omrop Fryslân
De needskoalle fan twa skoallen yn de nijbouwyk Suderbuorrren fan Ljouwert sil flakby in UMTS-mêst en in heegspanningskabel komme. Dat die bliken op de wykkonferinsje. De semi-permanente skoalle moat dêr seker tsien jier stean bliuwe.
Strieling fan de UMTS-mêst soe skealik wêze foar de folkssûnens. Derom ropt PAL-GrienLinks de gemeente, skoalbestjoeren en âlden op nochris goed nei de lokaasje te sjen.