Korporaasje stapt út projekt

15 nov 2006 - 22:11

De Corporatie Holding Friesland docht net mear mei oan it opknappen fan it westlik part fan it sintrum fan It Hearrenfean. De opknapbeurt pakt 3,8 miljoen djoerder út as ferline jier begrutte waard.

Mei-inoar komme de kosten no op 35,8 miljoen euro. Foar dat jild wurde wenten opknapt, komt der nije hoareka en parkearplakken. As de korporaasje meidwaan soe, betsjut dat in skuld fan 100.000 euro de wente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)