Untheffing Heak opnij toetse

21 mrt 2012 - 11:10

De steatssiktaris foar ekonomyske saken hat te maklik ûntheffing jûn foar de oanlis fan de Heak om Ljouwert. Dat oardielet de Raad van State yn in saak dy't de Stichting Behâld Iepen Middelseegebiet oanspand hat. Neffens de stichting is der net goed genôch sjoen nei de gefolgen foar sparwers, mûzefalken en in tal fisksoarten yn it gebiet.

De Raad van State is dat mei de stichting iens en hat de steatssikretaris opdracht jûn de ûntheffing nochris te toetsen oan de wet. Dat moat binnen acht wiken dien wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)