'Minne webside Menameradiel'

15 nov 2006 - 17:34

De gemeente Menamerdiel hat ien fan de minste gemeentlike websides fan Nederlân. Dat docht bliken út it jierlikse ûndersyk fan Advies Overheid.nl. It ministearje fan Ynlânske Saken makke woansdei de resultaten fan dat ûndersyk bekend.

Fan de 481 ûndersochte gemeenten stiet Menameradiel op it 454e plak. De gemeente wiist derop dat der wurke wurdt oan in nije webside mei de oare saneamde Middelsee-gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)