Undersyk tolerânsje op skoalle

15 nov 2006 - 16:38

De tolerânsje ûnder allochtoane skoalbern is heger as ûnder autochtoane learlingen. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 1400 VMBO- en MBO-learlingen op de Friese Poort yn Ljouwert.

In oare konklúzje is dat de tolerânsje grutter is yn in skoalleklasse dy't in miks is fan allochtoanen en autochtoanen. De ûndersikers wolle graach mear te witen komme oer de ûnderlinge akseptaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)