Soad ynteresse foar longtest

15 nov 2006 - 16:22

De measte minsken moasten der hast twa oeren foar in de rige stean, mar dat hiene se wol oer foar de longtest op it Waachplein yn Ljouwert. Op inisjatyf fan it Astmafûns koene minsken woansdei op 80 plakken yn Nederlân de longynhâld teste litte.

Der leine 250 testen klear foar de besikers fan de tinte op it Waachplein. De testen binne nedich, want longsyktes binne de tredde deadsoarsaak yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)