Trener Sangers ferlit Sweltsjes

© Omrop Fryslân
Trener Dick Sangers ferlit oan 'e ein fan dit seizoen fuotbalklub de Ljouwerter Sweltsjes. It is noch net bekend wa't syn opfolger wurdt. Sangers is dwaande oan syn earste jier by de earsteklasser. Op dit stuit stiet syn team op it tredde plak.
Ferline jier promovearren de Sweltsjes nei de earste klasse ûnder lieding fan Fred de Boer, dy't no haadtrener is by ONS Snits. De Boer hat no syn kontrakt by ONS mei twa jier ferlingd.