Gjin dragracebaan by airstrip

De kâns dat der by de airstrip fan Drachten in spesjale dragracebaan oanlein wurdt, is lyts. De gemeente Smellingerlân wol net mei de Dragrace- feriening Explosion prate oer it plan.
Reden is dat de feriening in skeaclaim fan tsientûzenen euro's yntsjinne hat by de gemeente. Dit om't it race- evenemint net trochgean koe fanwege de te glêde asfaltlaach fan de airstrip. De gemeente hat Explosion in rekken stjoerd foar it himmeljen fan de baan.