Snits keapet hûzen foar starters

15 nov 2006 - 07:36

De gemeente Snits keapet in tal gebouwen yn de binnenstêd fan Snits oan, om dy dêrnei te ferhieren oan begjinnende ûndernimmers. Snits wol sa de startende ûndernimmers helpe mei it opsetten fan har bedriuw. Yn earste ynstânsje wurdt in lege hier frege, sadree't de saken goed gean giet de hier omheech.

Neffens de gemeente hat de Friese Poort al ynteresse yn de regeling. De skoalle wol in staazjebedriuw begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)