Minder meldings by Tûmba

Logo Tumba
Diskriminaasjemeldpunt Tûmba hat yn 2011 folle minder meldings fan diskriminaasjegeweld krigen. Dat wiene der mar sân, wylst der yn 2010 noch 36 meldings wiene. Yn fiif fan de sân gefallen gie it om meldings fan diskriminaasje fanwege hûdskleur of ôfkomst, by de oare twa gie it om homoseksuelen of lesbiennes.
Tûmba hat gjin ferklearring foar it folle legere tal meldings, mar hopet dat dizze trend oanhâldt. It is woansdei ynternasjonale dei tsjin rasisme en diskriminaasje.
Mei elkoar kamen ferline jier 269 meldings fan diskriminaasje binnen by Tûmba. Dat binne goed 20 meldings minder as it jier dêrfoar. It gie dan om diskriminaasje op de wurkflier, mar ek yn de eigen wenwyk of sportferiening.