Hegere lesten Weststellingwerf

14 nov 2006 - 20:42

Ynwenners fan Weststellingwerf betelje takom jier hast acht prosint mear foar it opheljen fan har smoargens. De ferheging is neffens boargemaster en wethâlders nedich om de ôffal-ferwurking kostendekkend te hâlden. Ek de rioellesten en de ûnreplik saakbelesting gean omheech, mei fiif en mei 2,7 prosint.

Weststellingwerf moat ekstra jild by de ynwenners weihelje omdat der in tekoart fan hast sân ton is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)