Boek oer Riemer van der Velde

Ald-foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean naam tiisdei ûnder protest it earste eksimplaar fan in boek oer himsels yn ûntfangst. Van der Velde hie in ôfspraak mei de skriuwer Albert van Keimpema om net op eigen manneboet mei in boek te kommen. Dêr hat dy him net oan hâlden.
Van der Velde tocht der noch oer om in koart pleit oan te spannen. Sa fier is it net kommen. De skriuwer krige wol in giele kaart fan Van der Velde.