Boat foar diere-ambulânse

14 nov 2006 - 14:15

De Diere-ambulânse yn Ljouwert kin ynkoarten ek in boat ynsette. In stichting foar bistebelangen hat de boat kado dien. Dêr is ferlet fan, omdat der hieltyd mear wetter yn Ljouwert en om Ljouwert hinne komt.

Om fûgels of oare bisten út it wetter te heljen waard oant no ta in berop dien op de brânwacht, bygelyks by in útbraak fan botulisme. De boat stiet op in kanteltrailer en kin dus oeral tewetter litten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)