Histoaryske stedsplattegrûnen

© Omrop Fryslân
De boargemaster fan Harns krijt oare wike it earste diel fan in boek mei âlde stedsplattegrûnen fan de alve stêden. De útjefte is fan de Stichting Historische Stadsplattegronden yn Lisse, de Fryske Akademy en in útjouwerij yn Alphen aan den Rijn. Peter Karstkarel en Meindert Schroor hawwe meiwurke oan de útjefte.
Yn it earste diel stean Dokkum, Harns, Hylpen, Starum en Warkum. De oare seis stêden komme letter yn it twadde diel.