Automobiliste 'nimt' twa tunen

© Omrop Fryslân
In gaspedaal dat hingjen bleau, hat nei alle gedachten de oarsaak west fan in ûngelok, moandei yn Broeksterwâld. Dêr rjochte in 84-jierrige automobiliste út Damwâld in ravaazje oan yn de Pieter Dantumastrjitte.
De frou ried mei har auto troch twa tunen en botste doe op in parkearde auto. De automobiliste is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.