Trije plannen ynfolling Saailân

14 nov 2006 - 11:10

Trije ûntwerpburo's hawwe harren ideeën presintearre foar de ynfolling fan it nije Saailân mei it nije Frysk Museum. It iene buro wol in ferbining meitsje tusken it moderne en it âlde Ljouwert. It oare buro kiest foar in kultuerplein foar de hiele stêd. En as lêste is der it plan foar in stedsplein foar de Fryske haadstêd.

It gemeentebestjoer docht oer in pear wike in kar út de trije. Der binne noch gjin konkrete ûntwerpen makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)