Plan foar iishal yn Drachten

© Omrop Fryslân
De kâns dat Drachten in oerdutsen iisbaan krijt, is in stap tichterby kommen. In enkête op ynternet hat tûzen positive reaksjes opsmiten. De inisjatyfnimmers hawwe in akkountant frege oft sa'n iishal wol út kin. Is dat sa, dan wurdt socht om jildsjitters en bougrûn.
De plannen foar de iishal komme fan in stel partikulieren. Mooglik wurdt letter foar de eksploitaasje in stichting yn it libben roppen wurdt.