Surfers op ferbean terrein

14 nov 2006 - 10:13

Twa manlju hawwe by Koarnwertersân in bekeuring krigen foar surfen yn beskerme natuergebiet. It giet om in 20-jierrige man út St. Michielsgestel en in 36-jierrige man út Marsum.

Oan 'e Iselmarkust binne ferskate plakken oanwiisd as natuerbeskermings- gebiet. Mei giele buorden is oanjûn dat dêr net surft ot kitesurft wurde mei. De plysje sil de kommende tiid mear kontrolearje yn dy natuergebieten by de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)