Spegelkarpers útset op it Bilt

© Omrop Fryslân
Op it Bilt wurde 250 spegelkarpers útset. Ut ûndersyk fan Sportvisserij Nederland hat bliken dien dat dizze fisksoart amper noch foarkomt op it Bilt. Ien fan de oarsaken is it ûntbrekken fan goeie paaiplakken.
Angelsportferiening De Deinende Dobber wol it tal spegelkarpers no tanimme litte troch jonge bisten út te setten. Ferline jier is dat al mei in lyts tal dien, omdat dy goed groeie folchje no mear eksimplaren.