Learlingen bûge har oer regels

Learlingen fan de Singellandskoallen yn Drachten, Burgum en Surhústerfean meie sels har gedrachsregels opstelle. De skoalle is dwaande om alle âlde offisjele stikken te fernijen en ien dêrfan is it learlingestatút.
De learlingen wurkje no yn groepkes oan in presintaasje dêr't sy yn oanjaan kinne hokker regels der komme moatte. Moandei wie de start fan it projekt, mei in optreden fan de rappers Beant Baas en Smarrige Skep.