Kandidatelisten fout besoarge

13 nov 2006 - 11:54

Yn trije Fryske gemeenten binne de kandidatelisten foar de ferkiezings ferkeard besoarge. It giet om de gemeenten Snits, Wymbritseradiel en Littenseradiel.

De listen doge wol, mar de stimburo's steane der ferkeard op. By Wymbritseradiel binne al ferskate tillefoantsjes binnenkaam fan minsken dy't net begripe wêrom't se nei Snits moatte om te stemmen. De oarsaak leit by postbedriuw TNT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)