Fariabele fersekering mooglik

13 nov 2006 - 11:32

Autobesitters kinne meikoarten kieze foar in fleksibele autofersekering. De FBTO komt mei in fersekering wêrby't autobesitters per moanne beslute kinne hoe't se de auto fersekerje wolle.

Konsuminten kinne bygelyks per moanne de hichte fan it eigen risiko oanjaan en de dekking feroarje. De nije fersekering is allinnich fia ynternet ôf te sluten. Gewoanwei wurde autofersekeringen per jier ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)