Auto's skansearre by ûngelok

21 mrt 2012 - 10:24
  • Plysje

By in ûngelok op de A32 by Haskerdiken binne tiisdei twa auto's slim skansearre rekke. In ynwenner (23) fan Rutten foel achter it stjoer yn sliep en ried dêrtroch de berm yn. Doe't er dêr wekker waard en besocht by te stjoeren knalde er by de oare auto op. Beide bestjoerders rekken net ferwûne, wol ûntstie der in flinke file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)