Aris wint fan Amsterdam

Basketbalklub WoonAris hat sneon oertsjûgjend wûn fan de Astronauts út Amsterdam. De hiele wedstriid hie Aris in foarsprong fan sa'n tsien punten. Dy waard net mear út hannen jûn. It waard 88-75. Lawrence Hamm wie mei 26 punten de grutte man.
Troch de oerwinning stiet Aris no op in dield sechde plak mei seis oere ploegen. Tiisdei spilet de ploech fan trener André Roorda tsjin konkurrint Rotterdam.