Dug-out wer fernield

13 nov 2006 - 10:14

In dug-out op ien fan de fjilden fan Harkemase_Boys is op ´e nij fernield. Sneontenacht ha fandalen de stiennen dug-out op sportpark De_Bosk sawat mei de grûn gelyk makke. Frijwilligers hiene freed drok dwaande west om eardere fernielings te werstellen.

It sportpark is geregeld de dupe fan fernielings. Fan ´t simmer sneuvelen der al lampen, stekken en doelnetten. Neffens de klub giet it om in ´Boys hater´ en net om gewoan fandalisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)