Misslach Nijenhuis op 1000 meter

12 nov 2006 - 16:27

Erben Wennemars is snein by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean fjirde wurden op de 1000 meter. Syn tiid wie 1.09,38. Hy wie dêrmei de bêste Nederlanner. De Amearikaan Shani Davis waard earste en twad waard de Súd-Koreaan Kyou-Hyuk Lee, foar de Kanadees Denny Morrison.

Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean waard mei in foarse misslach fjirtjinde op dizze ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)