Mishanneling yn Dokkum
In 22-jierrige Feanster is sneontenacht yn de Bûterstrjitte yn Dokkum oanhâlden. De man wurdt derfan fertocht in 24-jierrige Dokkumer mei in bierglês yn gesicht slein te hawwen.
De Dokkumer is oerbrocht nei it sikehûs om't er ferwûnings hie oan it gesicht. De plysje hat dizze man ek oanhâlden. Hy soe sels ek slein hawwe.