Frouju oppakt foar stellerij

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige en 33-jierrige frou fan Drachten binne sneon yn har wenplak oanhâlden foar winkeldieverij. In meiwurker fan in winkel hie sjoen dat de twa froulju guod pakt hiene en útnaaiden.
De plysje koe de beide froulju oanhâlde by har auto. Dêryn leine stellen spullen út fjouwer winkels. De beide Drachsters binne fêst set. It guod is werom brocht nei de eigners. Dy ha oanjefte dien.