Sven Kramer wint 5000 meter
Sven Kramer fan Aldskoat hat sneon op oertsjûgjende wize de 5000 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean. Kramer's tiid wie 6.16,64, krekt gjin baanrekord. Carl Verheijen waard twad yn in tiid fan 6.18,81.
De Noar Eskil Ervik einige op in tredde plak yn 6.20,46. Bob de Jong waard fyfde. Chad Hedrick melde him ôf foar dizze ôfstân.